Overzicht activiteiten voor NUT-leden. Zie tekst onderaan voor toelichting.

Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Fryske Boekewike mei Baskyske ferhalen

18 november @ 20:00

De skriuwers Syds Wiersma, Gerard de Jong en Bart Kingma hawwe alletrije in bân mei Baskelân. Net dat it Fryske frijheidstinken ek mar yn de buert komt fan de striid dy’t de Basken aldergeduerigen fierd ha foar mear autonomy. Mar der sit wat yn de Baskyske kultuer en de Baskyske karakters dat op ien of oare wize resonearret.

By skriuwers utert him dat yn it sykjen nei ferhalen.

Dichter Syds Wiersma dûkt geregeld yn de poëzij fan de Basken en makket oersettings fan guon gedichten.

By Gerard de Jong resultearre dat yn de earste Biltsktalige roman ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’, in ferhaal oer skilder Sierd Lautenbag dy’t yn syn bertestreek op in artistyk dea spoar bedarret en yn Baskelân konfrontearre wurdt mei it belang om syn achtergrûn opnij te omearmjen.

Yn de roman ‘Flarde’ ferbynt skriuwer Bart Kingma de ballingskip fan dichter Sarrionandia mei de flecht fan ETA-terroriste Yoyes.

De trije skriuwers fertelle oer har ûnderfinings yn Baskelan  yn it ramt fan in útwikselingsprojekt foar skriuwers en sille mei syn trijen op syk nei de wearde fan harren literêre syktocht.

Gegevens

  • Datum: 18 november
  • Tijd:
    20:00

Locatie

Klik op de titel van een activiteit voor meer informatie en om u te registreren (in te schrijven voor de activiteit).

Klik vervolgens op de blauwe knop ‘Registreren’ om u aan te melden. Geef uw voornaam, achternaam en e-mailadres op. U ontvangt een bevestiging van uw registratie in de e-email.