Overzicht activiteiten voor NUT-leden. Zie tekst onderaan voor toelichting.

Laden Evenementen

« Alle Evenementen

Fryske Boekewike mei Anne Goaitske Breteler

12 november @ 20:00

Oan it ein fan de Oere, it Kadoboek fan 2025, fertelt it ynkringende ferhaal fan de famylje Zwart út Moddergat. Yn in ferfallen pleats oan ’e seedyk libben de net-troude broers Pieter, Jan en Dirk en harren suster Wytske in beskieden, mar bysûnder libben yn in tiid fan grutte feroaring. Mei de komst fan de modernisearring feroare ek it plak fan de famylje yn de mienskip. Jan, de lêste fan it gesin, liet de pleats en in grut legaat nei oan Museum ’t Fiskershúske yn Peazens-Moddergat – mei as betingst dat harren ferhaal in fêst plak yn in tentoanstelling krije soe.

No’t it museum mei dy neilittenskip yn ’e mage sit, kringt in fraach him oan ús op: wat dogge wy mei erfgoed as de minsken dy’t it fertsjintwurdigje der net mear binne om harren ferhaal te fertellen? En wêrom soe krekt dit ferhaal ferteld wurde moatte? It boek ferbynt mûnlinge skiednis, fotomateriaal en literêre non-fiksje ta in djippe refleksje oer tiid, ferlies en de krêft fan lytse ferhalen yn in grutte wrâld. By de lêzing komme de personaazjes fan de famylje Zwart op in oansprekkende wize ta libben – yn wurden, bylden én unyk fideomateriaal. Yn in programma fan in oere wurdt it publyk meinommen yn it bysûndere libben fan in húshâlding dy’t net fergetten wurde mei.

 

Gegevens

Datum:
12 november
Tijd:
20:00

Locatie

de Pleats
Burgum, Netherlands + Google Maps
Telefoon
0511200200

Klik op de titel van een activiteit voor meer informatie en om u te registreren (in te schrijven voor de activiteit).

Klik vervolgens op de blauwe knop ‘Registreren’ om u aan te melden. Geef uw voornaam, achternaam en e-mailadres op. U ontvangt een bevestiging van uw registratie in de e-email.

Aanwezigheid: 105 / 240

Registreren

Doe mee met 105 anderen!
Tribe Loading Animation Image